Keninklike Tichelaar yn hannen fan Oranjewoud Participaties

26 nov 2015 - 22:20

Landgoed Oranjewoud Participaties (LOP) wol in mearderheid fan de oandielen fan Keninklike Tichelaar Makkum oernimme. Op dy wize wolle se de takomst fan it Makkumer keramykfabryk seker stelle. Dat past yn de doelstellings fan stichting LOP. Tichelaar makket in unyk produkt, soarget foar wurkgelegenheid, en is in begryp yn Fryslân.

LOP hat hjiroer in oerienkomst op haadlinen berikt mei Tichelaar. "Der is finansjele ynjeksje nedich," sa seit Jan de Vries fan de stichting, "en dêr wolle wy oan meiwurkje. Dan kinne se trochgean."

De stichting wol in mearderheid fan de oandielen oernimme, mar is net fan doel om de deistige gong fan saken te bepalen. "Mar der sit in goeie direksje," neffens De Vries, "dus wy sille dêr net oan it roer sitte." Oft de stichting de oandielen yndie oernimme kin, en hoefolle de stichting der foar betelje moat, dat moat op 12 desimber dúdlik wurde. Op dy dei fergaderje de oandielhâlders fan Tichelaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)