Keninklike filmkes foar argyf

11 jun 2013 - 22:34
  • Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima yn Grins

It Fries Film Archief docht in oprop om filmkes fan de keningsbesite oan Fryslân op te stjoeren nei it argyf. No freed sille kening Willem-Alexander en keninginne Máxima moarns in besite bringe oan Ljouwert, Akkrum, De Jouwer, Ealahuzen en Starum. Nei ferwachting sille in protte minsken filmkes meitsje.

Guon materiaal is weardefol erfguod en sil brûkt wurde foar in dvd. De dvd 'Mijn band met Oranje' sil takom jier april útkomme by it Instituut voor Beeld en Geluid.

By it Fries Film Archief binne ek histoaryske bylden te besjen fan eardere keninklike besites oan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)