Keninklike besite oan Fryslân

08 nov 2005 - 17:01

Kening Abdullah bin Al-Hussein de twadde en keninginne Rania fan Jordanië komme op tongersdei 1 desimber nei Fryslân. It pear is dan trije dagen yn Nederlân foar in steatsbesite.

Se sille ek noch nei Amsterdam en Den Haach. Wat de Jordaanske kening en keninginne krekt dwaan sille yn Fryslân wurdt letter bekend makke. Se binne yn Nederlân op útnoeging fan keninginne Beatrix.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)