Keninklik leppeltsje foar bern

25 apr 2013 - 10:03
  • Bern fan basisskoalle De Wel krije de earste leppeltsjes.

Learlingen fan de basisskoallen yn Dantumadiel en Dongeradiel krije in spesjaal leppeltsje fan de gemeente, as oantinken oan de troanswiksel. Bern fan basisskoalle De Wel yn Broeksterwâld wiene tongersdei de earsten dy't ien krigen. It leppeltsje is spesjaal makke. It útdielen fan in oantinken is in tradysje by in troanwiksel.

By de ynhuldiging fan Keninginne Beatrix krigen bern yn Dantumadiel en Dongeradiel in spesjale mok. Njonken it útdielen fan de leppeltsjes wurdt yn Dantumadiel ek in Keningslinebeam plante.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)