Keningspear nei Súd-Fryslân

04 apr 2013 - 19:03

De alderearste besite fan de nije kening WIllem Alexander oan Fryslân giet 14 juny nei Ljouwert, Akkrum, De Jouwer, Ealahuzen en Starum. Yn Starum stappe Willem-Alexander en Maxima dan oan board fan in skip dat har wilens it middeisiten oerset nei Enkhuzen.

In selskip fan 50 fertsjintwurdigers fan it Fryske bestjoer, de sport en kultuer meie mei oan board fan it skip en kin ûnder iten prate mei de nije kening en keninginne. Doel is dat de rûte safolle mooglik tagonklik is foar publyk.

Yn de plakken dy't keazen binne foar de besite, is optein reagearre. "Dit is geweldich fansels", seit bygelyks boargemaster Mary Looman fan Skarsterlân. Sy wol wat fan de histoarje fan De Jouwer sjen litte, ek al is de tiid mar koart. Ferrassing is der yn Starum. De Oranjeferiening hie al ris earder besocht yn de beneaming te kommen foar in keninklike besite. "Mar dit komt my al wat oer it mad", seit Bauke Jan Smid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)