Keningspear nei Fryslân

14 jun 2013 - 08:21

Kening Willem-Alexander en keninginne Maxima bringe hjoed in besite oan Fryslân. It pear docht alle provinsjes yn Nederlân oan, om dêr mei yn 'e kunde te kommen.

Yn Fryslân giet it freedtemoarn yn rap tempo fan Ljouwert nei Akkrum, De Jouwer, Ealahuzen en Starum. Dêr stappe de kening en de keninginne op de fearboat nei Enkhuzen. Fan 'e middei bringe Willem-Alexander en Maxima in besite oan de provinsje Noard-Hollân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)