Keningslinde foar 30 april

20 feb 2013 - 13:53
  • Keninginne Beatrix by har taspraak yn paleis Huis ten Bosch

Alle doarpen yn Tytsjerksteradiel krije in keningslinde. De beam wurdt de doarpen oanbean yn ferbân mei de troansôfstân fan keninginne Beatrix, op 30 april. Boppedat krije alle doarpen tûzen euro elk. Dêrfan moat fan keninginnedei in ekstra feestlike dei makke wurde. De doarpen meie fan de gemeente sels in plan betinke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)