Keningsbrêge Harns kin net iepen

02 apr 2005 - 10:18

De Keningsbrêge yn de Rykswei N31 by Harns kin troch in technysk probleem oant en mei sneon ta net betsjinne wurde. Dit bestjut dat skippen mei in trochfaarthichte fan op syn minst 5,20 meter foarearst net troch de brêge kinne. De steuring spilet sûnt tongersdei.

Rykswettersteat hat tongersdeitejûn de brêge mei de hân betsjinne om in tal frachtskippen troch te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)