Keninginnenacht: 9 man oppakt

30 apr 2013 - 10:18
  • Oanhâlden

Yn Ljouwert binne yn de keninginnenacht njoggen minsken oanhâlden foar ûnder oare mishanneling, fernieling en mislediging. Ek moast de plysje yngripe by ferskate lytse fjochtpartijen.

Dochs wie de plysje tefreden oer it ferrin fan de nacht en de jûn. Der wiene gjin grutte ûngeregeldheden yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)