Keninginnedei yn Fryslân

30 apr 2009 - 10:09
  • Grutte drokte op de frijmerk yn Ljouwert

Rûnom yn Fryslân wurdt tongersdei Keninginnedei fierd. Yn Ljouwert bart dat mei in grutte frijmerk, yn it sintrum en yn de Prinsetún. Der is dit jier gjin plak op it Saailân, fanwege de bouwurksumheden dêr.

Ek op oare plakken yn de provinsje is it feest fanwege Keninginnedei. Sa kin der yn de Broeretsjerke yn Boalsert golft wurde. Beetstersweach is hjoed yn Brazyljaanske sfear en is it feest yn it Oranjegesinde Makkum tongersdei begûn mei in aubade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)