Keninginnedei yn Fryslân

27 apr 2003 - 00:00

Mei Keninginnedei, woansdei 30 april, steane der op ferskate plakken yn Fryslân tal fan aktiviteiten op it program. Yn Boalsert spylje showbands op strjitte. Ut Molkwar wei binne trije tochten te dwaan, skeelerjend, fytsend of kuierjend, troch mar en greide.

De brânwacht fan Droegeham hat iepen hûs. Yn Bûtenpost is der kartracen en in stuntteam toant syn keunsten. Yn Snits binne der ferskate merken en op de Marktstrjitte spylje in pear bands.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)