Keninginne praat mei boeren

26 apr 2001 - 00:00

Trije Fryske boerehúshâldings út Ie hawwe tongersdei yn Stroe mei Keninginne Beatrix praat. Underwerp wie de tongblierkrisis dy't harren bedriuw troffen hie. De moeting wie yn it pleatslike tongblierkrisissintrum op 'e Veluwe.

Lânbouminister Brinkhorst beselskippe de Keninginne. Beatrix prate ek mei helpferlieners dy't de troffen boeren opfongen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)