Keninginne Máxima ûnder de yndruk fan Ljouwerter S-Team

02 des 2014 - 12:30
  • Keninginne Maxima, Nordwin College
  • keninginne Maxima by har besite oan it S-team op it Nordwin College yn 2014

Keninginne Máxima hat tiisdeitemiddei in ferrassingsbesite brocht oan it Nordwin College yn Ljouwert. Op de skoalle gong de keninginne yn petear mei jongeren en frijwilligers fan it skoalle-talinteteam. Dit S-Team is in lanlik projekt fan it Oranje Fonds, wêrby't probleemlearlingen dy't it dreech ha om in skoaldiploma te heljen, begelieding krije fan mbo- en hbo-studinten.

Keninginne Máxima wie ûnder de yndruk fan de prestaasjes fan it S-Team. Yn Ljouwert binne op it ROC Friese Poort en op it Nordwin College S-Teams aktyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)