Keninginne Máxima op besite yn Koudum en Warkum

09 sep 2015 - 14:26

Keninginne Máxima hat woansdeitemoarn in besite brocht oan Fryslân. Se hat earst by melkfeehâlder Stokman yn Koudum west. Dêrnei hat se sjoen yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Warkum.

Máxima hat oardel oere op beide plakken west en harke mei ynteresse nei útlis oer de bedriuwen en hoe't der wurke wurdt by melkfeehâlder Stokman en tsiisfabryk FrieslandCampina. Dy lêste hat ferline jier de Koning Willem I-priis wûn. Stokman is ien fan de boeren dy't molke leveret oan it fabryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)