Keninginne Máxima op besite op It Hearrenfean

07 jul 2015 - 17:46
  • Keninginne Máxima krijt útlis

Keninginne Máxima hat tiisdeitemiddei in wurkbesite brocht oan it bedriuw AppMachine op It Hearrenfean. De keninginne krige ûnder oare in demonstraasje fan wat it bedriuw docht. Dat makket software foar de ûnwikkeling fan apps. Máxima makke ek sels in app, foar it Oranje Fonds. By AppMachine, dat yn 2013 begûn, wurkje 35 minsken.

It hat klanten yn 140 lannen. Moarn bringt kening Willem-Alexander ek in besite oan It Hearrenfean, hy iepenet dan twa suvelfabriken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)