Keninginne Maxima iepenet Brede Skoalle op 'e Jouwer

21 nov 2014 - 07:35

Keninginne Maxima iepenet freed it gebou fan de nije brede skoalle Joure Zuid op De Jouwer. De brede skoalle is in unike gearwurking tusken de twa basiskoallen de Twa Fjilden en de E.A. Borgerskoalle. Mar ek keunstsintrum It Toanhûs en ferskate berne-opfang- en wolwêzensorganisaasjes krije ûnderdak yn it nije gebou.

Yn de oanrin nei de nijbou krige de gemeente in soad krityk. De easken oan de boubedriuwen wiene sa heech, dat gjin inkeld Frysk bedriuw der oan foldwaan koe. In bedriuw út Schiedam krige de klus fan 8 miljoen euro. De rekkenkeamer kaam dêrnei mei in kritysk rapport oer de ynnovative oanbesteging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)