Keninginne komt nei Skier

04 maaie 2007 - 14:56

Skiermûntseach krijt op 13 juny de keninginne op besite. Dat hat boargemaster Bert Swart bevestige. Se sil dy dei ek nei Zoutkamp en it Lauwersmargebiet.

Oer it programma wurdt op dit stuit noch oerlein, mar neffens de boargemaster leit it wol foar de hân dat der praat wurdt oer de ûntjouwing fan de natuer yn it nasjonaal park. De lêste kear dat de keninginne yn Fryslân wie, wie op 8 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)