Kening yn Easterwâlde

08 okt 2013 - 12:12
  • Kening Willem-Alexander yn Easterwâlde
  • Kening Willem-Alexander yn Easterwâlde
  • Kening Willem-Alexander yn ferpleechhûs Stellinghaven yn Easterwâlde
  • Kening Willem-Alexander yn ferpleechhûs Stellinghaven yn Easterwâlde

Kening Willem-Alexander is tiisdei op besite yn Stellinghaven yn Easterwâlde. It ferpleechhûs hat mei de skoalle dêrtsjinoer yn maaie it Grutte Appeltje fan Oranje wûn, mei it projekt Gluren bij de Buren. Dat projekt komt derop del dat skoalbern en bewenners fan it ferpleechhûs aardige dingen mei-elkoar dogge.

It Oranjefûs, dêr't de kening en de keninginne beskermhear fan binne, fûn it sa'n moaie projekt, dat it in spesjale priis krigen hat. Tiisdei kaam Kening Willem-Alexander sels del om te sjen hoe't it allegearre krekt wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)