Kening ûntbleatet muorreskildering Maria Louise

20 jun 2015 - 14:32
  • Kening Willem Alexander yn Ljouwert
  • De metershege muorreskildering fan Marijke Meu yn it sintrum fan Ljouwert
  • De histoaryske hurddraverij op it Saailân
  • De hurddraverij luts in soad publyk nei it Saailân

Kening Willem Alexander hat sneontemiddei yn Ljouwert in grut muorreskilderij ûntbleate fan Maria Louise. De Kening die dat ûnder grutte publike belangstelling. De makkers fan de skildering, L.J. van Tuinen en Roy Schreuder, wiene hjirby oanwêzich.

De Kening gie oanslutend nei it Saailân foar de histoaryske hurddraverij. Skildering en histoaryske hurddraverij binne beide ûnderdiel fan it Maria Louisejier. Maria Louise, yn Fryslân ek wol bekend as Marijke Meu, is in fiere foarâlder fan Kening Willem Alexander.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)