Kening Tjisse Steenstra de bêste yn Holwert

27 jun 2015 - 18:25

De frije formaasje keatspartij yn Holwert is sneon wûn troch Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Marten Feenstra. Yn de finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Bauke Triemstra, Dylan Drent en ynfaller Hylke Bruinsma, dy't op it plak spile fan de skorste Patrick Scheepstra. Mei twa boppeslagen makke Feenstra de partij út. It is de tredde seizoensoerwinning foar it trio.

Tjisse Steenstra waard yn Holwert ta kening útroppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)