Kening: Nederlân is in lân om dy thús te fielen

25 des 2015 - 13:33

"Veel mensen in Nederland maken zich zorgen over de toekomst en vragen zich af hoe we onze eigen manier van leven kunnen beschermen in een wereld waarvoor we ons niet kunnen afsluiten." Dat sei kening Willem-Alexander yn syn krysttaspraak op earste krystdei.

Ek sei er dat yn ús lân noch in soad wurk te dwaan is om elkenien derby te belûken. Nederlân is in lân om dy thús te fielen. De kening hâlde syn taspraak út filla Eikenhorst yn Wassenaar wei.

Paus Franciscus hat yn Rome yn syn krystboadskip oproppen ta frede yn it Midden-Easten. De paus spruts ek de hoop út op in ein fan it wapengeweld yn Syrië. Fierder betocht er de slachtoffers fan de terreuroanslaggen. Ta beslút spruts er de seine Urbi et Orbi út. Tusken de 30.000 en 40.000 minsken harken nei syn wurden op it Sint-Pietersplein dat fanwege terroristyske driging ekstra befeilige wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)