Kening Lear gie hast oer

28 jun 2003 - 00:00

Kening Lear fan Tryater wie hast net opfierd. Dat die freed bliken by de oankundiging fan it fallissemint fan it Frysk Hynstesintrum. It gebou foldie net oan de easken fan de brânwacht.

It sintrum hie in fergunning foar 350 besikers, wylst Tryater alle jûnen 1400 taskôgers luts. Flak foar foar de opfieringen wienen de fergunningen klear. It sintrum soe 50.000 euro oan Kening Lear fertsjinje mar dat jild gie op oan fergunningen en en oanpassingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)