Kening jout tastimming foar ferhuzing sûnder ferhuzing

02 jun 2015 - 16:09
  • De wettertoer yn Nes

De famylje Poortman fan Nes ferhuzet fan adres, mar net fan hûs. Troch de weryndieling fan Idaarderadiel fia Boarnsterhim nei Ljouwert stie it hûs yn trije ferskate gemeenten. Dat soarget al jierren foar problemen mei de postbesoarging of helptsjinsten dy't it goede adres net fine kinne. Mar der liket no mei in grinskorreksje einlings in ein oan te kommen.

De Kening hat syn hanteken set ûnder de korreksje tusken de gemeenten Hearrenfean en Ljouwert en sadwaande wennet de famylje Poortman mei yngong fan 2016 yn de gemeente Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)