Kening iepenet enerzjyproef

03 okt 2014 - 18:39
  • Kening Willem-Alexander

Kening Willem-Alexander iepenet op 26 novimber de proefynstallaasje fan Blue Energy by Breesândyk. De ynstallaasje yn de Ofslútdyk hellet enerzjy út it sâlte wetter fan de Waadsee en it swiete wetter fan de Iselmar. Troch beide troch in ynstallaasje te lieden wurdt in spanningsferskil opwekt, dat omset wurdt yn enerzjy. Mocht de proefynstallaasje in sukses wurde, dan wurdt de technyk mooglik faker tapast. It Ljouwerter wettertechnologysintrum Wetsus is belutsen by de proef.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)