Kening Helmholt ferliest rekôr

18 jul 2009 - 22:56
  • Hiske Galama, Bart Helmholt en Hans Ulco de Boer (foto: Martin de Jong)

Bart_Helmholt is sneontejûn syn nasjonale fierljeprekôr kwytrekke. Jaco_de_Groot fan Kamerik ljepte nei 20.79, trije sintimeter fierder as it âlde rekôr fan Helmholt. De Burgumer waard wol kening by it keningsljeppen yn syn eigen wenplak. Syn sprong fan 19.60 wie de bêste. Thewis Hobma fan Easthim waard mei 19.40 twadde.

De keninginnetitel gie nei Hiske Galama fan de Haule mei in sprong fan 14.32. Hans Ulco de Boer fan Jutryp ljepte nei 17.61 en waard dêrmei prins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)