Kening ferline jier leit derút

30 jul 2003 - 00:00

De kening fan ferline jier is der yn de twadde omloop fan de PC útrekke. Cornelis Terpstra keatste mei Jacob Wassenaar en Johan van der Meulen tsjin it partoer fan Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Feenstra. Mei 5-4 en 6-6 rêde Van der Meulen it net op.

Minnesma moat it yn de earste heale finale opnimme tsjin it partoer fan Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Daniël Iseger. Dy wiene te sterk foar de debutanten Ronald de Boer en-dy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)