Kening: ferbining is wichtich

25 des 2013 - 13:51
  • Krysttaspraak Willem-Alexander

Ferbining stiet sintraal yn de earste krysttaspraak fan kening Willem-Alexander. Hy sei dat minsken troch ferbiningen oan te gean mei elkoar in krêft ûntwikkelje kinne dy't bergen fersette kin. Hy hâlde de taspraak yn húslike sfear by in iepen hurd. De kening ferwiisde nei de gefolgen dy't minsken ûnderfine fan de ekonomyske krisis en nei it leed dat minsken op de wrâld hawwe fan natuerrampen, honger, haat en terreur.

Neffens Willem-Alexander begjint frede tichtby hûs. Elk kin bydrage oan frede troch ferbiningen te sykjen.

Oan de ein kaam de kening werom op 30 april, de dei fan de troanwiksel. Neffens him wie dy dei wat fielber fan de mienskiplike krêft dy't ûntstiet as minsken ferbiningen oangeane.

Oer de taspraak wie wat opskuor om't de tekst yn it foar útlekt wie en de link dêrfan op de webside Nu.nl publisearre wie. It tekstbestân is fûn op de webside fan de Nederlandse Publieke Omroep troch Anne Jan Roeleveld, dy't ferline jier ek al de krysttaspraak op ynternet fûn.

Ek paus Franciscus hie syn earste krysttaspraak. Hy die dêryn in hertstochtlike oprop foar frede yn Syrië en Afrika. Hy rôp op ta dialooch en solidariteit tusken alle minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)