Kening en Shrek ynsette foar it Frysk

15 jan 2015 - 23:20

Kening Willem-Alexander en Shrek binne hiel goed te brûken foar de promoasje fan it Frysk. Dy twa nammen kamen tongersdeitejûn yn Ljouwert as foarbylden foarby op in debatjûn foar de kommende steateferkiezings. It helpt as it Frysk in wat hegere status hat as no, sa fynt de FNP. Dat kin bygelyks as de kening de twadde rykstaal mear brûkt yn taspraken.

It CDA tinkt dat de ynset fan tekenfilmkarakter Shrek helpe kin om bern safier te krijen dat se Frysk prate. Bear Boeloe en Tomke binne dêrfoar net genôch, sa seit listlûker Sander de Rouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)