Kening en gesin op Flylân

22 jun 2014 - 09:54
  • Kening en syn gesin op Flylân

De keninklike famylje is sneon op Flylân oankommen foar in privee-besite. Kening Willem-Alexander, keninginne Máxima en de trije dochters Amalia, Alexia en Ariane binne mei De Groene Draeck nei it eilân fearn. Op Twitter wurdt dat meld en ek in foto is op dat medium ferspraat. Tsjûgen op it eilân melde dat it gesin oan it fytsen west hat, ûnder begelieding fan twa befeiligers. De Groene Draeck lei sneintemoarn noch yn de jachthaven fan Flylân. It is net bekend wannear't it keninklik gesin wer fuortgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)