Kening beneamt John Jorritsma

29 jan 2014 - 18:11
  • Kommissaris fan de Kening John Jorritsma

John Jorritsma is troch Kening Willem-Alexander offisjeel werbeneamd ta kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dat hat de provinsje witte litten. De beëdiging fynt nije wike woansdei plak yn Den Haach.

Jorritsma hat de funksje yn maaie seis jier en is ek de kommende seis jier kommissaris fan de Kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)