Kemping yn Boyl hellet stekker út wifi-stjoerder

06 aug 2015 - 18:43

Gasten fan kamping Te Hooi En Te Gras yn Boyl moatte it oerdei dwaan sûnder Wifi. Eigener Bert van Starkenburg hat de stekker der útlutsen. Minsken wiene hast allinnich noch mar dwaande mei har tablet of tillefoan. Neffens Van Starkenburg jout it gebrek oan it Wifi-signaal in stik mear rêst. Bern boartsje bûten en sitte net mear efter de tablet. De wifi stjoerder giet jûns wol eefkes oan. Tusken acht en tsien oere kin de gasten al gebrûk meitsje fan it netwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)