Kemping wol skeafergoeding

19 jul 2009 - 09:36

In rekreaasjeûndernimmer út Sleat stelt it wetterskip en de gemeente oanspraaklik foar omsetskea as gefolch fan besmetting fan it swimwetter. It giet om de eigener fan kamping De Jerden oan de Sleattemermar. By dy kemping mei op dit stuit net swommen wurde mei omdat der tefolle termbakteryën yn it wetter sitte.

Neffens de eigner sykje minsken in oare kemping omdat se by De Jerden it wetter net yn kinne. De skea dy't er dêrtroch hat wol er fergoede ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)