Kemping Heech nominearre

16 jul 2010 - 15:31
  • De wettersportkemping fan Heech

De wettersportkemping yn Heech is nominearre foar de Rob de Bes Award. Dat is in oanmoedigingspriis fan VVV-Nederlân foar ynnovaasje yn it toerisme. De kemping hat de nominaasje krigen om't se der yn slagje gasten te ferrassen mei nije orizjinele projekten. Dat wurdt ûnder oare dien mei keunstners en skriuwers.

Op de webside fan de VVV kin stimd wurde op de kemping. Yn septimber wurdt dan dúdlik wa't de Rob de Bes Award krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)