Kelderbrantsje yn Ljouwert

31 jul 2006 - 11:25

By in brantsje yn in kelder yn Ljouwert is sneon in frou ferwûne rekke. De brân ûntstie yn in kelder fan in flat oan de Ahornstrjitte. Der wie amper fjoer, mar wol in soad reek. De frou hie dat ynademe en moast dêrom nei it sikehûs.

Mei de skea foel it ta, allinne wat guod dat yn de kelder stie en wat isolaasjemateriaal giene ferlern. Wat de oarsaak fan de brân west hat, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)