Keimpetille hat wer in pontsje

26 jul 2011 - 12:42
  • De earsten stappe op de pont (foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries)

Der fart wer in pontsje tusken de Keimpetille en Sweins. Dat is foar it earst sûnt fyftich jier. In stichting hat hurd wurke om it safier te krijen. De tarieding hat sa'n seis jier duorre. Tusken de 60 en 100 bern fan in fakânsjewike yn Frjentsjer waarden tiisdei as earsten oerset. It giet om in elektrysk pontsje.

Der wurdt noch hurd wurke oan in geboutsje oan de Sweinzer kant. De buert hat lang beswier makke tsjin it pontsje, sy wiene bang foar oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)