Keepster Loes Geurts wer fit foar wedstryd tsjin Kanada

15 jun 2015 - 12:23
  • Keepster Loes Geurts

Keepster Loes Geurts fan Hichtum is op tiid opknapt fan har ankelblessuere om moandeitenacht op it WK mei te dwaan oan de wichtige wedstryd fan de Nederlânske fuotbalfroulju tsjin gastlân Kanada. Geurts miste ferline wike fanwege de blessuere de wedstryd tsjin Sina, dy't mei 1-0 ferlern waard. Moandei stiet se wer ûnder de latte, seit bûnscoach Roger Reijners.

Om't Oranje de earste wedstryd wûn hat, moat de ploech minimaal ien punt helje om fierder te kommen op it toernoai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)