Keeper v.v. Langwar spilet tiisdei tsjin ferneamde Panenka

07 jul 2015 - 08:31
  • Antonin Panenka, hjir rjochts op de foto

Tiisdeitejûn spilet in regioseleksje út de omkriten fan Langwar op De Jouwer in fuotbalwedstryd tsjin in Tsjechysk all-star-team. En ien fan de Tsjechyske spilers is de legindaryske Antonin Panenka. Yn de finale fan it EK fan 1976 naam hy, tsjin West-Dútslân, de beslissende strafskop.

Dy strafskop gong hiel stadich, en mei in bôchje, rjocht troch de midden fan de goal. En sûnt dat momint, 40 jier lyn, stiet sa'n strafskop bekend as in Panenka. De keeper dy't tiisdei it doel fan v.v. Langwar ferdigenje moat is Jesse Bilstra.

Hy hat nocht oan de wedstryd en tinkt dat it regioteam wint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)