Keeper Viktor Noring fuort by SC Hearrenfean

09 jul 2015 - 21:33
  • Viktor Noring yn syn nije shirt

De 24-jierrige doelman Viktor Noring fan SC Hearrenfean giet wer fuort by de klup. De Sweedske keeper hat noch gjin minút by de Fryske klup spile, mar giet nei de Deenske klup Lyngy BK, dêr't er op mear kânsen hopet.

Hearrenfean hie Noring ferline jier transferfrij oernaam fan FK Bodø út Noarwegen. Eks-Feyenoord keeper Erwin Mulder wurdt de nije keeper fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)