Keeper skorst foar trije jier

26 sep 2009 - 11:15
  • De keeper wurdt skorst foar trije jier

De 16-jierrige keeper fan it A1-alvetal fan De Lemmer hat fan de KNVB in skorsing fan trije jier oplein krigen foar de traap dy't hy ein augustus joech oan de lieder fan de A1 fan Warkum. De lieder hold in stikkene noas, skuorde lippen en in harsenskodding oer oan de traap.

De tuchtkommisje fan de KNVB hat benammen rekken hâlden mei dit swiere letsel by de bepaling fan de strafmaat. De lieder fan Warkum koe in wike net oan it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)