Keeper Nordfeldt spiler fan it jier SC Hearrenfean

18 maaie 2015 - 09:42

Doelman Kristoffer Nordfeldt fan SC Hearrenfean is snein keazen ta spiler fan it jier fan de club. De priis waard oan Nordfeldt útrikt yn it Abe Lenstrastadion oan it begjin fan de wedstryd tsjin FC Twente. De keeper sjocht it as in grut komplimint dat de fans fan de club foar him keazen ha. Nordfeldt fynt dat hy dit seizoen syn bêste seizoen foar SC Hearrenfean spile hat.

Nei ôfrin fan de wedstryd tsjin Twente wie Kristoffer Nordfeldt fansels bot teloarsteld oer de 3-1 nederlaach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)