Keeper Hans Vonk nei Ajax

02 jun 2004 - 00:00

Hans Vonk spilet takom seizoen foar Ajax. De 34-jierrige keeper hat al langer kontakten mei de Amsterdamske klub. Hy wurdt de tredde keeper fan Ajax, nei Lobont en Stekelenburg. Ien fan de betingsten foar syn komst nei Ajax wie it fuortgean fan Sander Boschker. Dy giet nei FC Twente.

Vonk spile mear as 250 wedstriden foar SC Hearrenfean en naam ein dit seizoen nei acht jier ôfskied fan de klub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)