Keatswedstriid foar boeren

30 maaie 2006 - 09:31

De Stienser Keatsdagen ha takom wike tongersdei in primeur. Dan wurdt de earste keatswedstriid foar boeren spile. Der dogge 32 partoeren mei, wêrûnder 22 boerinnen. Alle dielnimmers keatse trije partijen mei wikseljende partoergenoaten.

De winner is dyjinge mei de measte winstpunten en it minste tal tsjinpunten. Haadpriis is in fokkeal dat oerdei oanwêzich is. De wedstriid moat útgroeie ta in jierliks evenemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)