Keatstrio Van der Veen wint

10 sep 2011 - 18:04

De lêste frije formaasjepartij by it frouljuskeatsen fan dit jier is sneon wûn troch Iris van der Veen, Feikje Bouwhuis, Idske Zijlstra. Yn Marsum wûnen se de finale mei 5-1 fan Evelien Westra, Imke van der Leest en Wiljo Sijbrandij.

De lytse preemje gie nei it partoer fan Lisette Wagenaar, Baukje Aalbers en Marije van der Meer. Fenna Zeinstra wûn dit jier it klassemint. Snein keatse de manlju haadklassers yn Marsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)