Keatspartij de PC yn Frjentsjer krijt dit jier kûpstuoltsjes

23 mrt 2015 - 19:26
  • Drokte by de PC

De Gasfabryktribune fan keatspartij de PC yn Frjentsjer wurdt dit jier foarsjoen fan 906 kûpstuollen. Taskôgers fan de grutte keatspartij hoege dit jier net langer op houten bankjes te sitten. De PC krige de ôfrûne jierren faak de fraach wêrom't der net lykas by de Freulepartij yn Wommels noflikere stuollen regele binne.

Mocht bliken dwaan dat der in soad animo is foar de kûpstuoltsjes, dan oerwaget de PC om it tal yn de takomst út te wreidzjen. De tagongspriis mei in kûpstuoltsje leit wol heger, om't it mear romte ynnimt.

De kaartferkeap fan de PC set 4 april 2015 útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)