Keatsmuseum krijt twa bysûndere telegraafbyldsjes

23 jul 2015 - 16:56

It keatsmuseum yn Frjentsjer krijt in bysûnder nij museumstik. It giet om twa telegraafbyldsjes dy't yn 1969 stellen binne troch twa jonges dy't doe 19 jier âld wiene. De byldsjes hawwe al dy tiid by ien fan de dieven thúslein, mar hy krige wroeging.

Hy jout de byldsjes dêrom oan it museum, sadat se aanst wer foar it grutte publyk te sjen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)