Keatsmuseum Frjentsjer ticht

23 okt 2013 - 12:17
  • keatsmuseum
  • Hiemstra yn it keatsmuseum

It keatsmuseum yn Frjentsjer hat de doarren sletten. It liket der net op dat se wer iepen gean op deselde lokaasje. Troch ferkeap fan it gebou is de hier fierstente heech wurden. Der moat 95.000 euro yn it jier betelle wurde en dat jild is der net. Op 1 jannewaris moat it gebou leech wêze. Doel is om op in nije lokaasje fierder te gean, mar dy is noch net fûn. Foarsitter Jan Hiemstra siket in lokaasje mei ien ferdjipping sadat it foar mear minsken tagonklik wurdt. Hy hat krityk op de gemeente dat der te min stipe is foar it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)