'Keatshert' wint earste priis

04 apr 2009 - 13:22
  • Chris Wassenaar stiet sintraal yn 'Keatshert'
  • It partoer Chris Wassenaar, Jacob Wassenaar en Rutmer v.d. Meer

De dokumintêre 'Keatshert' oer Chris Wassenaar hat op it Circom-festival yn Praag de earste priis wûn yn de kategory sport. Circom is in organisaasje dy't alle jierren de bêste televyzjefilms fan Europeeske regionale televyzjestjoerders kiest.

'Keatshert' is neffens de sjuery bekroand, omdat it in registraasje is fan in regionale sport, dy't dochs foar in breed publyk tagonklik is. Boppedat wie de sjuery ûnder de yndruk fan de kwaliteit fan benammen it lûd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)