Keatsferiening Tytsjerk sit yn swier waar

15 mrt 2016 - 11:11
  • Keats

Keatsferiening De Wâldklappers út Tytsjerk hat it dreech. As der foar de ein fan dizze moanne gjin nije foarsitter en sekretaris fûn wurde hâldt de feriening op te bestean. De Wâldklappers is ien fan de meast eastlike ferienings yn Fryslân en leit yn in part fan de provinsje dêr't it keatsen net al te grut is. Al jierren wurdt besocht om nije bestjoersleden te finen, mar trochdat it doarp lyts is, hat de syktocht noch hieltyd neat opsmiten. "In protte leden hawwe al ris bestjoerslid west." sa seit hjoeddeistich sekretaris Ingrid Sobel.

Benammen it organisearjen fan de ferplichte KNKB wedstriden drukt op it bestjoer. As de feriening yndie ophâldt te bestean, hopet Sobel dat de mooglikheid fan in partikuliere keatspartij yn it doarp bliuwt. "Wy hawwe it materiaal dat nedich is foar in partij, dus it soe sa organisearre wurde kinne."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)