Keatsferiening kin wer foarút

24 nov 2009 - 12:59

Foar keatsferiening Foarút yn Marsum is wer takomst. De feriening drige troch in tekoart oan bestjoersleden ophâlde te moatten. Op in ekstra ledegearkomste melden har moandei dochs noch in tal minsken foar in bestjoersfunksje, wylst dat by eardere oproppen net slagge.

Der binne no hast genôch minsken om in bestjoer te foarmjen en de keatsferiening hopet de kommende wiken de lêste plakken noch beset te krijen. De keatsferiening hat 230 leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)