Keatsers net nei WK

20 okt 2005 - 14:44

Nederlân docht begjin takom jier net mei oan it WK keatsen yn Colombia. It keatsbûn KNKB fynt it te gefaarlik yn it gebiet dêr't it WK hâlden wurdt. It bûn hat dat beslút naam op advys fan it ministearje fan bûtenlânske saken.

It KNKB is net it iennichste bûn dat yntusken ôfsein hat. Ek ien fan de twa Spaanske bûnen hat besletten net nei it WK te gean. It KNKB tinkt dat der meikoarten noch mear ôfsizzings folgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)